affiche en uitnodiging voor Maitiid


Selskip FJOER spilet it premjêrestik: ‘MAITIID’ In 2012 speelde Fjoer MAITIID.

Regy: Afke Toren
Spilers: Boukje Hofma, Sjoerd Stenekes, Baukje Stavinga
Lûd en ljocht: Sieger Rinsma
Muzyk: Thea de Lange en Durk Brouwer
Lokaasje: Formanje, Jirnsum

‘MAITIID’ is:
In ‘feel good’ toanielstik. Hjir wurdt de ûngewoane leafdesskiednis ferteld fan trije minsken, dy’t elk harren eigen geheim meitôgje. Marja en Martin komme mei elkoar yn’ e kunde op it tsjerkhôf. By de grêven wurde se ferrast troch de gefoelens foar elkoar.
It ‘maitiidsgefoel’ sa’t Marja it neamt: opnij fereale wurde op in leeftyd datst it net mear ferwachtest. Mar dan blykt der noch in frou te wezen, Stella, dy’t al jierren in rol yn it libben fan Martin spilet en dy’t net fan doel is har plak samar of te stean oan in oar.
Maitiid is in toanielstik fol humor, oandwaning en sprankeljend as de maitiid sels.

Omdat der mar in beheind tal sitplakken is, is it oan te rieden om te reservearjen!

Reservearjen kaarten fia mail:info@letterfretter.nl of naar: margallitidolfijn@gmail.com of fia tel:0566-601053 / 621389

Afke Toren

Paviljoenstraat 32
9001 BR Grouw
0566-621389
06-12158043
e-mail Afke Toren