Agenda Voorstellingen

Gif

In bysûndere fertelling fan de skriuwster Lot Vekemans yn in oersetting fan Baukje Stavinga. Twa personaazjes….in frou en in man…dy’t inoar nei 10 jier wer moetsje. De reden: der soe gif yn’e grûn sitte fan it begraafplak dêr’t harren soan leit. By harren ôfspraak wurdt it dúdlik dat hy fierder gien is mei it libben en sy net. It is in portret fan leafde en ûnbegryp. In byld fan oantinken, dêr’t gjin medisyn is tsjin ferlies. It ferhaal skrynt, it ferhaal docht sear, it ferhaal ferwaarmet…. It stik giet net allinne oer dizze twa minsken mar om herkenning fan ús eigen rouprosessen, dy’t om fersoening freegje.

Meer informatie over de makers van de voorstelling vindt je hier.

Voorstellingen archief

Wilt u weten welke voorstellingen Fjoer eerder speelde, klik dan op deze link.